Jong Hearrenfean - Vitesse: 1-1

10 maaie 2004 - 00:00

It belofteteam fan SC Hearrenfean spile moandeitejûn mei 1-1 gelyk tsjin Jong Vitesse. Yn de lêste wedstriid fan 'e kompetysje kaam Hearrenfean op slach fan rêst op 1-0 troch in strafskop fan René van der Wey. De lykmakker foel yn de ekstra tiid. Jong Ajax wûn mei 2-1 by Jong PSV. Troch dat risseltaat waard Jong Ajax kampioen mei 53 punten.

Jong Feyenoord is twadde mei 49 punten. Jong Hearrenfean waard tredde wurden mei 47 punten út 24 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)