CDA: Westergosône gjin lânskip

10 maaie 2004 - 00:00

De CDA-keamerfraksje fynt net dat de Westergosône in nasjonaal lânskip wurde moat. De ekonomy soe dêr dan op slot gean. CDA-er Camiel Eurlings die syn útspraak moandei by syn besite oan Fryslân. Hy is op kampanje as listlûker foar de Europeeske ferkiezings.

Eurlings prate oer de needsaak fan de Europeeske mienskip. Regio's wurde yn ien Europa hieltyd wichtiger. It past net om in ekonomysk gebiet oan te wizen as nasjonaal lânskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)