'Ljouwert moat alluere krije'
Ljouwert moat mear alluere krije. Dat sei Geert Dales moandei by syn offisjele ynstallaasje as nije boargemaster fan Ljouwert. Yn syn wolkomstwurd sei er dat de plannen foar it Saailân-gebiet mei faasje oanpakt wurde moatte.
Bewenners fan it Jacobijnertsjerkhôf ha by de ynstallaasje fan Dales aksjefierd. Se fregen omtinken foar it tanimmend ferfal fan de buert om de Grutte Tsjerke hinne.