Frysk-Japansk wurdboek klear

10 maaie 2004 - 00:00

It Frysk-Japansk wurdboek is klear. Tsien jier lyn is professor Hitoshi Kodama út Japan dermei begûn. It boek telt 1100 siden en hat in Japansk-Frysk wurdlist achteryn. Alle simmers kaam de heechlearaar út Tokyo nei de Fryske Akademy yn Ljouwert om oan it wurdboek te wurkjen. Dat die er neist syn wurk.

Nei syn emeritaat yn 2001 koe er him folslein op it wurdboek talizze. It is net bekend oft it wurdboek hjir yn de hannel komt en wat it kostje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)