'Fryslân feilichste provinsje'

10 maaie 2004 - 00:00

Fryslân bliuwt ien fan de feilichste provinsjes. Dat seit plysjesjef Wagenaar yn reaksje op de Misdaadmeter 2003 fan it Algemeen Dagblad. Lanlik sjoen skoart Fryslân oer alle boegen noch fier ûnder it gemiddelde.

Dochs wienen der ferline jier yn Fryslân 462 sedemisdriuwen. It tal mishannelings is mei 7% tanaam en it tal bedrigings mei 10. De hannel yn harddrugs is 25% groeid. It tal ferkrachtingen is mei 27% omheech gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)