Feest foar Foppe op 't Fean

10 maaie 2004 - 00:00

Foppe de Haan is nei 19 jier gjin trainer mear fan SC Hearrenfean. By syn ôfskied snein, nei de wedsriid tsjin AZ, waard er riddere. Ek is er beneamd ta eareboarger fan It Hearrenfean en de provinsje hat him útroppen ta sportman fan it jier.

By de huldiging op it Kuperusplein wie it ien grutte blau-wite see fan 15.000 supporters. It Frysk folksliet waard song, Foppe moast op de skouders en hy blaasde noch mei it dweilorkest mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)