Middei foar âld-striders Indië
De feriening Oud-Indiëgangers hâldt fan it hjerst in middei foar âld-striders yn Bûtenpost. Achtkarspelen is ien fan de lêste Fryske gemeenten dy't noch gjin ûntfangst organisearre hat. Der wurde sawat hûndert minsken ferwachte.
Op it programma steane in tal taspraken en in mienskiplik nassy-miel. Achtkarspelen betellet de kosten fan 1500 euro.