Oranjewoud jout oertreding oan

10 maaie 2004 - 00:00

Yngenieursburo Oranjewoud hat oant 2002 ferbeane ôfspraken makke om konkurrinten bûten te sluten by guon opdrachten. Dat docht bliken út eigen ûndersyk. It bedriuw hat de stikken hjiroer trochjûn oan de NMa.

Earder waard Oranjewoud beboete foar 1,2 miljoen fanwegen yllegale merkôfspraken by de oanlis fan atletykbanen. Jierrenlang waarden oanlis en ûnderhâld dêrfan ferdield ûnder in tal yngenieursburo's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)