Untslaggen by ferfierders?

10 maaie 2004 - 00:00

Arriva ûnkomt net oan twongen ûntslaggen as de besunigingen op it iepenbier ferfier trochgeane. Dat seit de direkteur fan it ferfiersbedriuw. Ein ferline wike ûntstie der ûnrest by it personiel fan ferfierder Noordned. De direkteur dêr hie in brief skreaun oan de fakbûnen. Hy wol prate oer de gefolgen fan de besunigingen.

Fryslân moat takom jier trije miljoen euro besunigje op bus- en treinferfier. De Steaten moatte der noch oerprate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)