Fragen oer útspraak Bijman

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP stroffelet oer útspraken fan Bijman oer de 4 gemeenten yn Noardeast-Fryslân. Op in sympoasium oer de regio yn Dokkum sei de deputearre dat it goed giet mei de regio en dat se net 'sneu dwaan' moatte. De partij wol witte oft dat de miening is fan it hiele kolleezje of dat it syn priveemiening is.
In pear Twadde-Keamerleden seinen lêsten dat de regio Noardeast-Fryslân altyd finansjele stipe nedich ha sil.