Mear SOA's yn Fryslân

10 maaie 2004 - 00:00

It tal seksueel oerdraachbere syktes is ferline jier op 'e nij omheech gien. Dat meldt sûnenstsjinst GGD Fryslân. Dy wol no mear dwaan oan previnsje. Se besykje foaral jongeren, homo's en allochtoanen te berikken.

Yn Fryslân is it tal chlamydia-ynfeksjes omheech gien mei 27 persint. Dat komt foaral foar by froulju ûnder de 25 jier. It tal ynfeksjes mei HIV is in bytsje omleech gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)