Partoer Wassenaar wint

10 maaie 2004 - 00:00

De earste frije formaasjewedstriid is snein wûn troch it partoer fan Chris Wassenaar mei André Kuipers en Rutmer van der Meer. De haadklassers keatsten yn Frjentsjer de finale tsjin Johan Meirink, Michel van der Veen en Pier Piersma. It waard 5-1 en 6-6. Chris Wassenaar waard útroppen ta kening.

De reus út Minnertsgea hâlde mei syn goede opslach syn partoer yn it spul. Se fersloegen de partoeren fan Terpstra, Berkepas en Minnesma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)