Froulju Graspiepers degradearje

09 maaie 2004 - 00:00

De hockeyfroulju fan de Graspiepers I út Drachten ha snein mei 1-2 ferlern fan Grins. Dêrtroch degradearje se fan de oergongsklasse nei de earste klasse. Grins hie it bêste fan it spul yn de earste helte en late by rêst mei 0-2.

Yn de twadde helte fochten de Graspiepers as liuwen nei de 1-2. Der wiene noch kânsen op 2-2, ûnder oare út strafcorners, mar it ferlossende doelpunt kaam net. By in gelykspul wiene de Graspiepers net degradearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)