Koart plysjenijs

09 maaie 2004 - 00:00

De moskee oan de Hesselstrjitte op It Hearrenfean is dit wykein bekladdere mei graffiti. Oan de kant fan de Van Dapperenstrjitte waard in omkeard krús skildere mei de tekst 'Free of God's crime'. De plysje hat in buertûndersyk ynsteld. Dat hat noch neat oplevere.

By in hûs yn Nes op It Amelân is sneontejûn in ynbrekker op 'e die betrape troch de soan fan de bewenners. Hy seach in man yn de daksgoate stean. Dy naaide út. Dêrnei is oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)