Man oanhâlden foar autostellerij

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn in 22-jierrige man út Drachten oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto. De fertochte foel op om't er mei hege snelheid yn de auto oer de Vogelzang yn Drachten ried.
Op de Robijnekamp stie er stil en besocht er rinnendewei fuort te kommen. Dat slagge net en de plysje hold de man oan. De fertochte bekende dat er de auto stellen hie en dat er net yn it besit wie fan in rydbewiis.