Oerienkomst H'fean en Baselga
De kontakten tusken It Hearrenfean en it Italiaanske Baselga di Pinè wurde noch mear oanhelle. Boargemaster De Jonge en syn kollega Anesi fan Baselga tekenje dêr tongersdei in oerienkomst oer.
It giet noch net om in offisjele stêdebân. Beide plakken ûnderstreekje mei it dokumint it foarnimmen om de besteande kontakten goed te ûnderhâlden. Dy kontakten binne der sûnt 2001.