Nij bestjoer losmakke tsjerken

© Omrop Fryslân
Fan de acht tsjerken dy't har losmakke ha út de nije protestantse tsjerke yn Nederlân, komt de helte út Fryslân. It giet om de gereformearde tsjerken fan De Harkema, Noardwâlde, Boarnburgum en Fryskepeallen.
De tsjerken ha har losmakke om't se har oan de gereformearde tsjerke-oarder en belidenis hâlde wolle. Sneon waard yn Garderen it nije bestjoer fan de 'Voortgezette gereformeerde kerken in Nederland' oprjochte.