Harkemase Boys - Westerein: 3-0

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat sneon yn de 'derby fan de Wâlden' mei 3-0 wûn fan De Westerein. Mei noch sân oare klubs meie de Harekiten op Himelfeartsdei yn Zuidlaren besykje om de beker te winnen en har dêrmei de pleatsen foar de Amstelcup.
De oare klubs dy't dan meidogge binne: Be Quick Grins, d'Olde Veste 54, WKE, SC Erica, SVBO, Snits en Knickebockers of ACV.