Foppe nimt snein ôfskie

08 maaie 2004 - 00:00

Foppe de Haan nimt snein ôfskie as trainer fan SC Hearrenfean. Dan is de lêste wedstriid, tsjin AZ, ûnder lieding fan 'e trainer. Dêrnei it op it Boargemaster Kuperusplein grut feest mei muzyk. De organisaasje ferwachtet tsientûzen besikers. Besikers fan 'e wedstriid wurde ûnder begelieding fan stewards nei it plein brocht. Parkeare op it Kuperusplein is snein net mooglik. Automobilisten moatte útwike nei in terrein njonken McDonalds.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)