Amazoane ferstoarn yn Nes (D)

© Omrop Fryslân
Yn Nes (Dongeradiel) is freedtejûn in 50-jierrige frou ferstoarn nei't in hynder boppe-op har foel. De frou wie de hynsteriidkeunst net machtich, sa makke de plysje bekend. Se siet op it hynder, doe't it bist fuortglied yn 'e dressuerbak. It hynder stegere en foel achteroer boppe-op de frou. De frou wie op slach dea.
Goed in wike ferlyn ferstoarn yn Grinslân in 63-jierrige hynderrider. Hy waard troch it bist yn it gesicht trape.