Stimwizer net demokratysk

© Omrop Fryslân
It Instituut voor Publiek en Politiek moat de Partij voor het Noorden opnimme yn de stimwizer foar de Europeeske ferkiezings. Dat easket de partij yn in brief oan it ynstitút. De brief is mei-ûndertekene troch trije oare nije partijen dy't ek yn de stimwizer wolle.
Mei de stimwizer op ynternet kinne kiezers in advys krije foar de ferkiezings. It útsluten fan partijen bringt it demokratysk gehalte fan de stimwizer yn gefaar, sa is de miening.