Untslaggen by Noordned

© Omrop Fryslân
Der falle sa goed as seker twongen ûntslagen by ferfierbedriuw Noordned. Direkteur Braam hat dat oankundige yn in brief oan de fakbûnen. Yn dy brief freget hy de bûnen mei te tinken oer goede oplossings foar de besunigings.
Noordned moat takom jier mooglik oardel miljoen euro besunigje. En dat kin net oplost wurde troch efficiencymaatregels neffens wurdfierder Van der Zee. It personiel is lilk oer de oankundige ûntslaggen en fielt har passeard.