Jild foar Fryske ekonomy

07 maaie 2004 - 00:00

Fryske bedriuwen dy't eksperimintele projekten opsette wolle mei in heech risiko, kinne tenei subsydzje krije fan de provinsje Fryslân. It giet dan om projekten op it mêd fan rekreaasje en toerisme, ICT of it wetter.

Mei-inoar is der 6 miljoen euro oan subsydzje beskikber. De helte komt fan Europa, de rest fan de provinsje, it ministearje fan Ekonomyske Saken en it Fryske bedriuwsliben. Doel is om de Fryske ekonomy te stimulearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)