'Fryslân moat kennissintrum ha'

© Omrop Fryslân
Der moat in kennissentrum komme yn Fryslân. Derfoar hat D66 Keamerlid Bert Bakker tongersdei pleite op in sprekbeurt yn Drachten. Mei sa'n sintrum kin de wurkgelegenheid yn Fryslân ferbettere wurde. Neffens Bakker moat de provinsje de keunst ôfsjen fan Twente en Grinslân. Dêr wurdt op ferskate wizen gearwurke tusken bedriuwslibben, skoallen en oerheid. Fryslân soe him rjochtsje moatte op bedriuwstakken as de lânbou.