Ljouwerter ôfdieling LPF
Ljouwert krijt in ôfdieling fan de Lijst Pim Fortuyn, de LPF. Dat makke Harm Wiersma, earder LPF-keamerlid, bekend. It wie tongerdei twa jier lyn dat Fortuyn fermoarde waard. Op ferskate plakken yn it lân is dêr by stilstien.
De politike ideeën fan de politikus libje noch altyd, neffens Wiersma. De LPF is no in lytse partij mei acht sitten yn de Twadde Keamer.