Friezen hawwe de helm op

06 maaie 2004 - 00:00

Yn Fryslân ride lanlik sjoen de measte brommerriders mei in helm. Ut ûndersyk docht bliken dat goed 98 persint fan de Friezen yn 2003 mei in helm op op de brommer stapt is. Lanlik is dat noch gjin 95 persint.

Dizze moanne start de lanlike helmkampanje wer. Der wurdt dan yntensiver kontrolearre op it dragen fan de helm, mei as doel it gebrûk te fergrutsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)