Fryske bylden op Belgyske tv

06 maaie 2004 - 00:00

Op de Belgyske publyke tv-stjoerder CANVAS sille moarns tusken njoggen en tolve oere live-bylden te sjen wêze fan restaurant Ie Sicht en de Smelle Ie by Drachten. By it restaurant is in fêste, ûnbemanne kamera delset. De bylden binne te sjen yn in tillevyzjeprogramma wêryn ek tal fan oare plakken yn Europa foarby komme.

It giet om in proef fan fjouwer wiken. Smellingerlân hopet sa ek ekstra toeristen te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)