Beetstersweach kin útwreidzje
Der komme lang om let nije hûzen yn Beetstersweach. In wurkgroep út de gemeenteried fan Opsterlân hat de mooglikheden derfoar op papier set. Der soene benammen wenten boud wurde moatte foar âlderen en starters.
Diskusjes oer wentebou rûnen oant no ta op neat út. Folle romte is der net by it doarp. Op de measte plakken is al oan de boskrâne taboud. De wurkgroep wit noch in pear lokaasjes dêr't oant 2010 plak is foar 60 wenten.