Kariljon Martinitsjerke swijt

06 maaie 2004 - 00:00

It kariljon fan de Martinitsjerke yn Snits is fan moandei ôf fjirtjin dagen lang net te hearren. Dat hat te krijen mei reparaasjewurksumheden oan it oerwurk. Gewoanwei wurdt it kariljon oanstjoerd troch dat oerwurk. Alle kertieren binne de klokken dan te hearren.

Ek it automatysk lieden fan de klokken leit yn de perioade fan it wurk stil. It kariljon kin wol mei de hân bespile wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)