Ljouwert: 2 mln ekstra besunigje

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat opnij alle jierren twa miljoen ekstra besunigje, om't der minder jild fan it Ryk komt. Dat meldt de gemeente yn de kadernota. De sport moat mei goed 4 ton minder ta. Der komt gjin brûkersromte foar drugs- ferslaafden. En it budzjet foar Fryske taal en kultuer wurdt hielendal skrast.
Yn de kadernota stiet ek wêr't ekstra jild oan útjûn wurdt. Dy saken moatte betelle wurde út in ferheging fan de ozb, de ûnreplik-saakbelesting.