'Coopmanshûs moat bliuwe'

© Omrop Fryslân
It foarstel fan Koornbeurs-direkteur René Douma om museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer op te offerjen ta geunste fan teater De Koornbeurs, falt striemin by de riedsleden. B&W en de CDA-fraksje steane wol achter de miening fan Douma, mar de mearderheid fan de ried hat keazen foar in museum yn it Martenahûs.
Neffens Jan de Roon, fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie, kin de Koornbeurs wol ticht, om't yn Ljouwert deselde programma's te sjen binne.