Gasboarje by iepenbier belang

© Omrop Fryslân
De Europeeske Kommisje stelt dat der pas nei gas boarre wurde mei yn de Waadsee as der gjin negative gefolgen foar it miljeu binne. Neffens de kommisje mei der allinnich boarre wurde, as der sprake is fan in grut iepenbier belang.
De Europeeske Kommisje seit dat yn antwurd op fragen fan de PvdA-euro- parlemintariërs Dorette Corbey en Max van den Berg. Neffens Corbey kin it noch wol 20 of 30 jier duorje.