Tameling ferlit Waadferiening

05 maaie 2004 - 00:00

Henk Tameling hâldt op as algemien direkteur fan de Waadferiening. Hy leit it wurk del mei yngong fan 1 juny. No't de reorganisaasje klear is fynt Tameling dat syn taak derop sit.

Tameling is trije jier lyn oansteld om it buro fan de Waadferiening profesjoneler te meitsjen. Hy hat de bedriuwsfiering en de administraasje op oarder brocht. Syn taken wurde foarearst oernommen troch de oare leden fan it management.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)