Bûtenpost ferbine mei farwetter

05 maaie 2004 - 00:00

Steatsboskbehear wol Bûtenpost op twa wizen wer oanslute op iepenbier farwetter. As it gemaal oan de súdkant fan it doarp fuort is, kin der in ferbining mei it PM-kanaal komme.

Ek hat de natuerklub plannen foar de noardkant fan Bûtenpost. Steatsboskbehear wol de farferbining mei it Lauwersmargebiet fia de Trekfeart werombringe. Dêr soe in mar oanlein wurde moatte mei in jachthaven en huzen oan it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)