Harns rommet boatwrakken op

04 maaie 2004 - 00:00

Harns hâldt in opromaksje fan wrakken yn de grêften en singels fan de stêd. De gemeente is ferantwurdlik foar de feilichheid fan it wetter. Boaten dy't faak heal ûnder wetter lizze, kinne gefaarlik wêze as oare skippen der tsjinoan farre.

De boaten moatte foar it nije seizoen fuort. Eigners kinne har oant heal maaie melde om sels de boat fuort te heljen. Dêrnei docht de gemeente op kosten fan de eigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)