De Friesland leveret kwaliteit

04 maaie 2004 - 00:00

Soarchfersekerder De Friesland leveret in goede kwaliteit yn de soarch en makket kwaliteitsôfspraken. Dat is de konklúzje út in ûndersyk fan it Kolleezje fan Tafersjoch op de Soarchfersekeringen.

De ôfspraken fan De Friesland mei húsartsen, spesjalisten en fabrikanten fan medisinen binne fan goede kwaliteit. Dêrmei is De Friesland ien fan de soarchferskerders dy't it kwaliteitsbelied útwurke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)