Langere wedstriidbanen Snitswike

04 maaie 2004 - 00:00

De wedstriidbanen fan de Snitswike wurde foar it earst yn sa'n tritich jier flink oanpast. De krúsrakken fan it grutste sylevenemint fan Europa wurde nammentlik langer en grutter makke. Bekende wedstriidsilers lykas Harry Amsterdam hawwe it bestjoer fan de Keninklike Wettersportferiening Snits dêrby advisearre.

Op de lytse Snitswike sil foar it earst proefsyld wurde mei de nije oanpak. It giet benammen om in bettere feilichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)