Solitêre wynmûnen net nei parken

04 maaie 2004 - 00:00

Wynmûne-eigners út Frjentsjerteradiel sille net ynvestearje yn wynturbine- parken. Dat seit wynmûnepionier Haye Houtsma út Easterbierrum. De gemeente wol dat de solitêre turbines út it lânskip ferdwine.

Besteande wynmûnen meie net mear ferfongen wurde troch gruttere. Dat kin allinnich yn de parken 'De Bjirmen' by Seisbierrum of 'Westergo' by Hjerbeam. Op dy plakken meie aanst mûnen mei in mêsthichte fan wol 80 meter boud wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)