Mear kij yn Fryslân
It tal kij yn Fryslân groeit de lêste jierren wer. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS.
De groei fan it tal kij is net grut, mar wol bysûnder. De tindins is lanlik dat der hieltyd minder kij komme. Mar yn Fryslân wie der de ôfrûne jierren noch genôch romte om it beslach fee groeie te litten.