Feiliger diken sûnder strepen

03 maaie 2004 - 00:00

Automobilisten ride stadiger as der gjin wite strepen op de dyk binne. Dat docht út ûndersyk bliken. It liket net logysk mar Eaststellingwerf tinkt deroer om dêrom de strepen fan de diken dêr't 60 kilometer riden wurde mei, te heljen.

Bestjoerders moatte dan better oplette en sa soenen der minder ûngelokken gebeure. De bochten kinne mei beplanting oanjûn wurde. De kommisje fan de gemeente nimt 11 maaie in beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)