Brommobyl foar âlderein Menaam
It Nasjonaal Fûns Aldereinhelp jout in brommobyl kado oan it sintrum Nij Statelân yn Menaam. De organisaasje docht dit om sa'n 20 bewenners fan it soarchsintrum rydles te jaan, sadat se meikoarten selsstannich mei it weintsje op in paad kinne.
It giet foarearst om in lanlike proef. As dizze suksesfol is, krije ek oare soarchynstellings yn Nederlân in brommobyl.