Aksje foar 'goed' fleis

© Omrop Fryslân
Supermerken moatte inkeld fleis ferkeapje fan bisten dy't in goed libben hân ha. Dat is it boadskip fan 'Prijs het dier', in gearwurking tusken D66 en Varkens in Nood. Sûnt oktober rint de aksje. Gefolch is dat it fleis djoerder wurde sil.
Keamerlid Boris van der Ham fan D66 wie moandei yn Ljouwert om te hifkjen wat de minsken derfan fine en oft se ekstra betelje wolle foar it wolwêzen fan de bisten.