Helidek MCL tenei 24 oeren iepen

© Omrop Fryslân
It helidek fan sikehûs it MCL is fan fan 't simmer ôf 24 oeren deis berikber by rampen. No fleane de SAR-helikopters mei pasjinten tusken acht oere moarns en fjouwer oere middeis streekrjocht nei it sikehûs yn Ljouwert. De beheinde iepenstelling fan it helidek komt troch te min personiel. Yn gearwurking mei de brânwacht wurde nije minsken oanlutsen. De besetting kin dêrom meikoarten útwreide wurde.