Langer fytspaad by De Zwette

02 maaie 2004 - 00:00

De gemeente Wymbritseradiel stekt mooglik goed 33.000 euro yn ferlinging fan it fytspaad by De Zwette. It giet om it stik paad tusken it Mantgumer Húske en Boazum.

Troch de ruilferkaveling Baarderadiel is der no in moaie kans om grûn foar it paad te keapjen. It fytspaad njonken de Zwette wurdt sjoen as in wichtige toeristyske rûte. Ek Boarnsterhim, Ljouwert, Littenseradiel en Snits soene meibetelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)