Unbekend fleantúch ûnderskept

02 maaie 2004 - 00:00

Twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert ha sneon in ûnbekend fleantúch ûnderskept. It ferkearsfleantúch, in Boeing 737, fleach fan it noarden nei it suden oer Nederlân op ûngefear 7,5 kilometer hichte. It tastel wie net bekend by it luchtferkearssintrum yn Maastricht.

De F16's binne nei de Boeing tastjoerd en ha kontakt lein. Doe die bliken dat der neat oan de hân wie. De Boeing is trochflein rjochting België, de F16's koene wer nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)