Gaslek op De Gordyk

02 maaie 2004 - 00:00

De brânwacht fan Opsterlân en meiwurkers fan de Gasunie ha sneontejûn foarkommen dat de ynwenners fan De Gordyk sûnder gas kamen te sitten. Krekt op'e tiid koe in gaslek yn it gasstasjon fan de Gasunie oan de Kerkewal op De Gordyk makke wurde.

De omkriten fan it gasstasjon hat hast de hiele jûn ôfset west. De bewenners moasten yn dat skoft ruten en doarren tichthâlde. Nei goed twa oeren wie it gefaar fan it lek fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)