Kâns op Spelen foar Linders

02 maaie 2004 - 00:00

Turnster Loes Linders hat har op de mearkamp by it Europeesk Kampioenskip net pleatst foar de Olympyske Spelen. Dochs mei de 16-jierrige turnster noch wol hoopje op dielname. Se skoarde op it ûnderdiel sprong better as dejinge dy't as achtste dy tastelfinale helle.

NOC*NSF sil sa gau mooglik besjen oft Linders dêrom dochs nei de Spelen mei. Brekpunt kin wêze dat de turnster mar ien kear in sprong makke hat, wylst de finalistes dat twa kear dien hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)