Europa noch net wis foar 't Fean

© Omrop Fryslân
Hearrenfean is noch altiten net wis fan Europeesk fuotbal. De ploech fan Foppe de Haan ferlear sneon mei 1-0 fan ADO Den Haag. Mei noch twa wedstriden te gean, thús tsjin AZ en út tsjin Twente, hat Hearrenfean noch ien punt nedich om Roda foar te bliuwen.
Hearrenfean spile tsjin ADO te gemaksuchtich en waard pas wekker nei de goal fan ADO, flak nei it skoft. De druk fan de Feansters soarge foar in spannend lêste kertierke.