PvdA'ers diele roazen út

© Omrop Fryslân
Sawat 260 ynwenners fan Boarnsterhim hawwe sneon in reade roas krigen fan de lokale PvdA-fraksje. Want ien maaie is de dei fan de arbeid en dat kin de partij net samar foarby gean litte. Yn it hiele lân diele PvdA-politisi goed 20.000 roazen út.
It kloppet lykwols net dat de PvdA de dei fan de arbeid betocht hat. Yn Amearika waard ien maaie al yn 1889 útroppen ta dei foar de striid foar de acht-oerige wurkwike.