Tekoart pont De Burd driget

01 maaie 2004 - 00:00

Eigners fan fakânsjehuzen op de Burd moatte ta de bûse om it pontsje nei it eilân by Grou betelber te hâlden. Dat fynt de PvdA. It pontsje kostet de gemeente alle jierren 2,5 euroton.

Yn it ramt fan besunigingen is it plan de pont ien euroton minder te jaan. De gemeenteried nimt meikoarten in beslút oer in list fan besunigingen. It tekoart soenen de eigners fan twadde húskes betelje moatte troch in apart, heger taryf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)